Fytser ferstoarn nei ûngelok
27-01-2012 | 19:50
In 81-jierrige fytser út Snits is freedtemiddei ferstoarn nei in swier ûngelok by Offingawier. De man waard op de krúsing fan de Fiifgeawei en de Paviljoenwei oanriden troch in 72-jierrige automobilist út Earnewâld. It slachtoffer fytste hjir mei syn frou. Dy rekke net ferwûne.
- It waar fan hjoed
- Dei

- Nacht

- Maks. Temp.
6°C - Min. Temp.
1°C - Wynrjochting
SE - Wynkrêft lân
3 - Wynkrêft kust
5
Denneboom nei Harkemase Boys
27-01-2012 | 18:43
Romano Denneboom spilet de rest fan it seizoen by Harkemase Boys. De stifting sponsorgroep fan de Boys hat him nei sportpark De Bosk helle. De eardere spiler fan û.o. Hearrenfean, Willem II, NEC, FC Twente en Sparta moat foar de doelpunten soargje. Mei de komst fan de spits hopet de sponsorgroep dat de Boys yn de twadde helte fan de kompetysje sa goed spylje dat se yn de topklasse bliuwe kinne. Denneboom sil sa gau as mooglik oan de slach by de Boys, mar sil sneon noch net mei dwaan oan de wedstriid tsjin Excelsior'31 yn Rijssen.
Kickboksgala lilk op gemeente
27-01-2012 | 17:24
De organisator fan it kickboksgala dat sneon yn Ljouwert hâlden wurdt is lilk op de gemeente. Neffens organisator Simon Rutz wurdt it perfoarst gjin krimineel evenemint. It wurdt krekt in grut feest der't fiiftûzen minsken op ôfkomme en dat yn 164 lannen útstjoerd wurdt, sa seit Rutz.
Boargemaster Crone hat noch besjoen oft it ferbean wurde koe. Dat slagge lykwols net mear.
Ferset tsjin minder sitten
27-01-2012 | 17:12
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel ferset him tsjin it plan fan it kabinet-Rutte om it tal folksfertsjintwurdigers te ferminderjen.
Yn in moasje dy't troch in grutte mearderheid stipe wurdt, freget de ried oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders om it ferset fierder út te dragen nei it kabinet, de Twadde Keamer en de Feriening fan Nederlânske Gemeenten. It kabinet wol it tal folksfertsjintwurdigers mei 25 prosint ferminderje.
Gjin ekstra bêden foar kjeld
27-01-2012 | 17:08
Dakleaze-opfang Zienn set foarearst noch gjin ekstra bêden del foar it winterwaar. De fjouwer grutte stêden yn ús lân dogge dat wol, omdat dy mear oanrin ferwachtsje fanwege de grutte kjeld dy't der oankomt. Yn Ljouwert liket dit noch net nedich te wêzen.
Standaard binne der 35 bêden en dat is oant no ta noch genôch. Wannear't it foar in langere tiid kâlder is as trije graden ûnder nul, komme der fanwege de winterneedopfang wol ekstra bêden.
Oare koers foar lanlik gebiet
27-01-2012 | 16:53
Minder plannen meitsje en mear jild nei de útfiering fan konkrete plannen. Dat is ien fan de foarnimmens fan deputearre Johannes Kramer at it giet om it lânlik gebiet yn Fryslân.
De ryksbesúnigings op it plattelân komme hurd oan, dus moat it roer om by de provinsje. De soargen oer de takomst bliuwe lykwols grut. Bygelyks oer it agrarysk natuerbehear fan greidefûgelgebieten.
Oare koers foar lanlik gebiet
27-01-2012 | 16:51
Minder plannen meitsje en mear jild nei de útfiering fan konkrete plannen. Dat is ien fan de foarnimmens fan deputearre Johannes Kramer aa it giet om it lanlik gebiet yn Fryslân.
De ryksbesunigings op it plattelân komme hurd oan, dus moat it roer om by de provinsje. De soargen oer de takomst bliuwe lykwols grut. Bygelyks oer it agrarysk natuerbehear fan greidefûgelgebieten. Dat nimt it Ryk oer fan de provinsje en dêr makket deputearre Kramer him bot soargen oer.
Burgerwacht yn Sint Nyk
27-01-2012 | 16:41
Yn Sint Nyk binne plannen foar it opsetten fan in burgerwacht. Yn it doarp wurdt de lêste tiid in soad ynbrutsen.
In groep bewenners ûndersiket no oft der ferlet is fan sa'n burgerwacht. Dy moat 'm dan foaral rjochtsje op it sinjalearjen en melden fan saken dy't fertocht binne. It is perfoarst net de bedoeling om foar eigen rjochter te spyljen. Yn it doarpsblêd de Zakenman freegje se minsken om har oan te melden.
Protte legerguod takseard
27-01-2012 | 16:36
De ynbring en taksaasje fan âld legerguod by feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts is in sukses wurden. Tsientallen minsken kamen freed mei har gewearen, ynsynjes, earemedaljes, helms, bajonetten, unifoarms en tal fan oare saken op de proppen.
Guon wolle it guod feile litte, oaren binne benijd wat it wurdich is. De feiling fynt kommende moanne plak en sil nei alle gedachten tusken de 15 en 20 tûzen euro opbringe.
Aksje foar bûtenlânske Flyers
27-01-2012 | 16:22
De bûtenlânske spilers fan iishockeyklup de Friesland Flyers fan It Hearrenfean sille fanartikels ferkeapje om jild te sammeljen. Fan 'e wike krigen de bûtenlânske spilers te hearren dat se fan moandei ôf gjin wurk mear hawwe, omdat se te djoer binne foar de klup.
Neist it gewoane lean moat nammentlik harren ûnderkommen betelle wurde. De bûtenlânske spilers wolle graach bliuwe en komme no dêrom sels mei in aksje.
Maatregels om natueriis
27-01-2012 | 16:00
Wetterskip Fryslân nimt maatregels fanwege de kommende froastperioade. Yn de rin fan it wykein wurdt ophâlden mei it ôffieren fan wetter út de Fryske boezem. Dêrmei moat it wetter yn de Fryske kanalen, fearten en farwegen ta rêst komme. Sa nimt de kâns op iisoangroei ta.
It Hoogland-gemaal by Starum wurdt útset, en de spuislûzen by Harns en Zoutkamp geane ticht.
Stamboek opnij keninklik
27-01-2012 | 15:47
It Friesch Paarden Stamboek mei him de kommende 25 jier ek wer keninklik neame. Fia de kommissaris fan de Keninginne hat de feriening berjocht krigen.
It KFPS is sûnt 1954 keninklik. De feriening bestie doe 75 jier. By it KFPS binne se tige optein oer de titel, ek al om't keninginne Beatrix beskermfrou fan de feriening is. In ynstelling dy't keninklik is, wurdt om de 25 jier op'e nij beoardiele.
Bouwmeester is kopposysje kwyt
27-01-2012 | 15:07
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is nei de fjirde dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Miami nei it twadde plak sakke. Har direkte konkurrinte Lijia Xu út Sina stiet no earste.
Bouwmeester fear op de fjirde dei nei in sânde en in tredde plak. Xu pakte in earste en in twadde plak en hat no 19 strafpunten, 6 minder as Bouwmeester. Freed stean noch twa races op it programma. Sneon is de finale mei de bêste 10 fan it klassemint.
3500 bunder lân fan de hân
27-01-2012 | 14:55
Steatsboskbehear moat 3500 bunder natuergebiet yn Fryslân ferkeapje. Dêr sitte ûnder mear de bosken om Stania State by Oentsjerk by, mar ek wichtige greidefûgelgebieten lykas de Wynzerpolder, it terrein fan it earder kleaster Klaerkamp en grutte stikken lân yn súdeast Fryslân.
Dat is freed yn Ljouwert sein op in provinsjale gearkomste oer it lânlik gebiet. Steatsboskbehear moat de natuergebieten ferkeapje as ûnderdiel fan in folle gruttere lânlike operaasje dy't 90 miljoen euro opsmite moat.
Mooglik 30 gefallen feefirus
27-01-2012 | 14:46
It oantal meldingen yn Fryslân fan bisten dy't mooglik it Schmallenbergfirus hawwe, is de lêste dagen in bytsje omheech gien. Wiene der op 24 jannewaris noch 25 meldingen, tongersdei wiene dat er 30.
It giet om 22 kij, 6 skiep en 2 geiten. Ut ûndersyk docht oant no ta bliken dat der 3 skiep binne dy't it firus hawwe. By de kij en geiten binne oant no ta gjin bisten fûn dy't it firus hawwe.
Boargemaster Van Delft riddere
27-01-2012 | 14:41
Boargemaster Van Delft fan de gemeente Menameradiel is beneamd ta ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau. Se krige de fersiersels freed opspjelde by har ôfskied.
Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma spruts har ta. Van Delft hat 18 jier boargemaster fan Menameradiel west. Dêrmei is se op dit stuit de boargemaster dy't as langste aktyf wie yn deselde gemeente yn Fryslân. Van Delft hâldt op omdat se dit jier 65 wurdt. Fanwege de weryndielingsplannen fan Menameradiel wurdt ynkoarten in waarnimmer oansteld.
Schmidt en Kruiswijk yn basis
27-01-2012 | 14:36
Troch skorsings fan de beide ferdigeners Daryl Janmaat en Ramon Zomer krije Doke Schmidt en Arnold Kruiswijk in basisplak yn de thúswedstriid tsjin FC Utrecht. Schmidt nimt it plak yn fan fleugelferdigener Janmaat, Kruiswijk foarmet tegearre mei Jeffrey Gouweleeuw it sintrale ferdigeningsduo.
Ramon Zomer krige ferline wike tsjin De Graafschap syn fiifde giele kaart. Janmaat krige tsjin de Superboeren in reade kaart.
Plysjeman foar rjochter
27-01-2012 | 14:23
It gerjochtshôf yn Arnhem bûcht him freed oer de mooglike ferfolging fan in plysjeman dy't begjin 2010 by de Van Kleffenskoalle op It Hearrenfean in ynwenner fan Sweagerbosk delskeat.
De man, dy't syn eks-frou stalkte, waard troch de plysje delsketten doe't er al swaaiend mei in mes besocht syn bern fan skoalle te heljen. De fertochte hat no in saneamde artikel 12 proseduere tsjin de plysje oanspand fanwege poging ta moard. It hof yn Arnhem ferwachtet binnen seis wike útspraak te dwaan.
'Gau beslút miljeustrjitten'
27-01-2012 | 14:13
Gemeentebelangen yn de gemeente Súdwest-Fryslân is swier teloarsteld yn de koälysje fan dy gemeente. Gemeentebelangen hie in moasje yntsjinne oer it iepenhâlden fan de miljeustrjitten yn Heech en Koudum. Mar neffens de partij woe de koälysje fan CDA, PvdA en VVD dizze net yn behanneling nimme.
Gemeentebelangen is benaud dat daliks tsjin alle ôfspraken yn besunige wurde sil en dat de ynwenners dêr de dupe fan binne. Diskusjes oer de tsjinstferliening oan boargers mei dan ek net útsteld wurde, sa fynt de partij.
Aksje tsjin útgeansgeweld
27-01-2012 | 14:00
Om mear tsjûgen te finen fan it geweld tsjin de plysje fan ôfrûne wykein yn Boalsert, sil buertagint Gerrit Schermer sneon flyers útdiele yn de binnenstêd.
Kollega's fan Schermer waarden ferline wykein yn Boalsert skopt en slein, doe't se besochten in 22-jierrige op te pakken. Ek yn Dokkum en Kollum brûkten minsken yn it útgeanslibben geweld tsjin de plysje.